De wichtichste wet fan de Skepping is de wet fan de Wrakseling. De Skepping komt ta bestean troch wrakseling tusken it manifestearre en it ûnmanifestearre. Der is immen in spanning tusken it ûntstean út en it teneate ta de boarne, ta de Skepping. En alles yn de Skepping moat wrakselje. In gerssprút moat wrakselje om in plakje te fine foar de woartels, hoe fyn ek. In blom wrakselt tusken de tegels fan in paad. In mûs wrakselt om genôch iten te fine foar syn snelle stofwikseling, in walfisk om genôch iten te fine foar syn reuseftich lichem. Alle libben is in wrakseling tsjin de fergonklikens. Alles dat libbet sil ek stjerre. It libben is ien lange golf fan berte en dea, fan kommen en gean.
Al dat net fjochtet foar syn bestean, sil fergean. Eltse neie generaasje moat dêrom op’e nei it folk libben yn blaze, de wiisheid trochjaan, de kultuer oerbringe, en de taal sprekke. Alles dat net wrakselt en ferjonget sil ûnder gean yn de streamen fan de tiid. In neie generaasje dy’t slommert en loaitert, set it folk in generaasje tebek. Sy sile op de wyn fan juster, en dat giet net foar immen. De wyn sil lizzen gean en it skip machteleas dobberje op de oseaan fan it bestean. Driuwend wer oft in eigenwillige stream it bringt. In folk dat immen de wyn yn de silen hat sil oan it roer stean fan harren eigen skip en giet de koers fan har eigen kar.
Wrakselje dogge wy om pine te mije. Pine soarget dat alle libben wrakseljen giet. Sa bliuwt it libben immen trochgean, In mûske skarrelt de hiele nacht om, sykjende nei iten, om gjin honger te hawwen. Honger is pine. De pine fan honger soarget dus dat bisten op sykje nei iten. En der sit yn de wrâld fan de bisten in oardering. Ynsekten wurde iten troch fûgels, fûgels wurde iten troch oare fûgels, katten, murden, foksen, ensafuorthinne. Tigers, liuwen, bearen en wolven steane oan de top, en hawwe gjin natuerlike fijân. Dochs binne tigers en wolven gjin bettere wrakselers as in miammel. Ek tigers sammelje harren iten byinoar troch te jeien. Neat oars as in miammel. Sy wrakselje op itselde nivo en wurde troch de natuer net ta in heger nivo fan wrakseljen brocht. Dan is der noch in katagoary mei bisten dy’t ark brûke, lykas in otter, kraai oft raaf. Dy binne justjes better yn wrakseljen om ‘t sy mear iten garje kinne as bisten dy’t gjin ark brûke.
De minske is de folgende stap yn dy oarder. De minske kin tinke in termen fan tiid. Dat betsjut dat wy foarút tinke kinne en sels kennis trochjaan kinne oan folgende generaasjes. Sa groeit kunde fan ús omjouwing, earne dat bisten net kinne. Bisten leare gedragings fan de foarige generaasje troch observearjen, mar kennis kin, safier wy witte, by bisten net oerdroegen wurde. En omdat wy neitinke kinne oer de takomst en ek noch it fermogen hawwe om empathy te hawwen, is der romte foar eat wonderliks; nammentlik it waarnimme fan de moraliteit dy't dêr yn de natuerlike oarder is. Dit is foar de minske in grutte stap west yn it wrakseljen, om’t wy no net samar dwaan en litte koenen yn us wrakseling. No wy it ynienen ymmoreel om te stellen. Jo koenen dus net mear it iten fan in oar ôfpakke, of in ynslûper samar dea knotse. Om’t wy ideeën ûntwikkele hawwe oer moraliteit, oer goed en kwea, hawwe wy dy ideeën yn wetten fêstlein. Dit wie wer in stap yn in minsklike wrakseljen. Dit is slim bysûnder, want de minske is dus de ienige soart dy’t wrakseljen foar himsels dreger makket dan it wrakseljen dat der yn de natuer is. Segal seit: