De natuerlike oarder:
De Skepping is holistysk. Dat wol sizze dat it gehiel mear is as de optelsom fan de ûnderdielen. In auto hat in stjoer, in rút, doaren en tsjillen. Dochs, dizze ûnderdielen binne op harrensels net bysûnder, mar mei inoar foarmje sy in auto wêr oft jo mei reizgje kinne. It reizgjen is dus in eigenskip dy't de ûnderdielen apart net hawwe, mar it gehiel wol. Sa is it mei de Skepping ek, mei it ferskil dat in minsk, bygelyks, net út inoar helle wurde kin en wer yn inoar setten. It is de essinsje fan de Skepping dy't datjinge oan in lichem jout dat fuort is as it liif stoarn is. De ûnderdielen fan it minsklik lichem jouwe tegearre de mooglikheid it libben te fetsjen. Earne dat masinen net kinne. De Skepping kin dermei perfoarst net besjoen wurde as in masine, en moat by alle nijskjirrich ûndersyk dat wy dogge nei de Skepping, benadere wurde fan út dat holistysk eachpunt.
Holisme fereasket dus dat wy it gehiel fan 'e skepping sjogge as in gehiel dat eigenskippen hat dy't de aparte dielen net hawwe. Fan it lytste oant it grutste, alles wurket neffens it Holistyske prinsipe. Dit betsjut dat waarnimming, wêrtroch't golffoarmen (waveforms) ynstoarte, atomen foarmet. Atomen gearstald op 'e goede manier, foarmje molekulen dy't gemyske eigenskippen hawwe. Molekulen gearstald kinne biologyske sellen foarmje dy't in metabolisme hawwe. Sellen kombineare op 'e goede manier foarmje lichems dy't ferskate tafoege en unike kwaliteiten hawwe. It lichem hat in bewustwêzen fan 'e natuerlike wrâld en kin it trochrinne. Dêrnjonken freget de minske, yn tsjinstelling ta bisten, wêrom't er bestiet en hoe't er bestean moat. In fraach dy't oant hjoed de dei unbeändere bliuwt. En ek al hat de minske al milennia "hannele", sa't Nietzsche sei, ús skiednisboeken binne fol mei de ferskriklike gefolgen fan dit hanneljen sûnder in dúdlik antwurd op hoe't wy hannelje moatte. De skriuwer wol stelle dat de natuerlike oarder de basis foarmet foar in filosofysk kader foar it hanneljen. It kin ús liede nei in hanneljen dat yn harmony is mei de Skepping.
"Sa boppe, sa ûnder", Hermes Tresmegistus
De holistyske aard fan de Skepping skriuwt ús foar dat der in natuerlike foldlikens yn de Skepping is. Fan de lytste ûnderdielen fan atomen, oant de Skepping ta, is der in ûnbrekbere keatling fan oarder. De oarder is yn simpele foarm:
Enerzjy - atomen – matearje – sellen – minsk– famylje - folk – minskdom - Skepping
Dizze oarder bepaald wêr oft de lojaliteit fan in minsk heard te lizzen en wat syn plichten en ferantwurdlikens binne. Dit is mei de djipste wierheid fan de Skepping ferfrissele. In filosofy foar in bettere takomst sil dan ek de basis principes beseare moatte op de oarder fan de Skepping. De optelsom fan de principes sil dan mear wêze as in filosofy, it sil in ferlingstik wurde fan de Skepping. It is it tichtst by in taal fan de Skepper komme welke wy noch ferstean kinne. De oarder is hillich, it paad fan oarder dêrmei ek. It kin dêrmei allinnich ta in heger tastân fan it folk rinne.