Skaai- paad nei werberte fan it Fryske folk
 

De Minske

De minske, ferstien as it yndividu, is dat wûnderlike skepsel dat ûntstiet út de gearwurking fan alle sellen yn syn lichem. Sa as de holistyske aard fan de Skepping dat foarskriuwt, hat de minske skaaimerken dy't de sellen ôfsûnderlik net hawwe. Sellen kinne harren net troch de wrâld bejaan, sa as in minske dat wol kin. Sellen kinnen net neitinke oer de sin fan it libben of oer de aad fan de Skepping. Hoewol de sellen ek hâlder binne fan it wûnder fan de libbensjaande krêft dy't alle libben krêft jout, is it gehiel fan de sellen, nammentlik it lichem, by fermogen mear oft in hegere foarm fan dy krêft te fetsjen.


De minsk is de boustien fan de mienskip. Hy foarmet it fûnemint en is op it meast basale nivo in wachter fan de wearden fan syn famylje en folk. It is yn it heechste belang fan it folk dat de minske de frijdom kriget om syn heechste potinsjeel te berikken. Skaai langet dus net dat in minske him folslein oerjout oan it folk as in steat. In folk dat opbout is út minsken dy't harren heechste potinsjeel berikke hawwe, is in folk dat de bêste kânsen hat om it spûk fan de moderniteit te ferjeien. Mar in just en moreel minsk wit ynstinktyf dat hy in ûnskiedber ûnderdiel fan de natuerlike oarder is. Dat syn folk him de kâns jout him te ûntploaie en hy yn omtinken dêroan de kultuer hoedet en dêr aktyf in rol yn nimt.