Skaai- paad nei werberte fan it Fryske folk
 

Wet fan de Fuortplanting

 


"It fuortbringen fan bern is in ferlingstik fan de yndividuele wrakseling as gjin oar.
Der is in plicht om bern te bernjen; mar it is absurd om te sizzen dat dizze plicht boppe de plicht giet om se in kâns te jaan om te wrakseljen.
Sûnder ferantwurdlikheid fokke is de wrâld yn fjoer en flam sette.
Dochs binne oantallen allinnich ek net per sé befoarderlik foar it ferbetterjen fan de kwaliteit fan it folk. Oan de oare kant is it healwizens om te besykjen de gong fan saken yn de wrâld te feroarjen en, as útstellende betingst, wachtsje op in leane mei roazen."
Hyman Segal, The Law Of Struggle side 62


Alles dat bestiet yn de Skepping moat him oan de wetten fan de Skepping hâlde. Alles moat harren hâlde oan de wet fan de fuortplanting. In stien is ek bûn oan dy wet. Hy kin him net fuortplantsje mar fynt syn boarne yn de ierdske prosessen fan de Skepping en sil, ûnder tûzenen jierren, teneate ta stof. En alle stof sil wer matearje wurde. Dat is de libbenssyklus fan stiennen. Oars is it mei datjinge dat wy ûnrjochtlik libjent as tsjinstelling fan net libjent neame. De Skepping hat elke soarte fan plant, beam, bist en ek de minske, de oanstriid sich fuort te plantsjen mei jûn. Alles dat libbet moat lang genôch libjen bleauwen om neiteam te krijen. De Skepping wol dat elke soarte besiket bestean te bleauwen en wrakselt tsjin it útstjerren fan de soarte. Soarten dy’t proaidieren binne en planten dy’t ta fretten fan bisten tsjinje, hawwe de oanstriid in protte neiteam te krije. Mûzen, rotten, kninen, etc., krije faak en gâns jongen. Planten dy’t iten wurde troch bisten, jouwe oerdiedich sied. Alles sadat de soarte trochgean kin. In soarte moat soargje dat der likefolle neiteam komt as dat der fan de soarte stjerre. De Skepping is dus net sa sear ynteressearre yn yndividuele libbens, mar mear mei libben yn it algemien, dat elke soarte fjochtet foar syn bestean, sadat it swakke útstjerre sil en it krêftige trochgean.


It krije fan bern is dus net perfoarst in yndividuele kar. Om as folk trochgean te kinne, moat eltse frou yn elts gefal twa bern krije. Ien foar har sels en ien foar har man, dy’t sels gjin bern krije kin. Dit is in statistysk gegeven, en wy sprekke hjir dan ek fan in gemiddelde. Guon minsken kinne om biologyske redens gjin bern krije. Guon minsken binne net geskikt om bern te krijen. Dat is helder, en lit it ek helder wêze dat minken neat en te nimmer it krijen fan bern optwinge krije moatte. It is de kultuer dy’t sa wurde moat dat de measte minsken frijwillich in húshâlden begjinne wolle.


Dyjinge dy’t moedwillich gjin bern krije, lizze dus de plicht neiteam te fersoargjen by in oar del. Want no moat in oare húshâlding mear bern yn de wrâld bringe. It krije fan bern soe as in hillige ûndernimming besjoen wurde moatte, en kin net ôfhingje fan persoanlike omstannichheden as foarkar. Dyjingen dy’t gjin jild, hûs of hiem hawwe moatte deryn foarsjoen wurde, útreden de taak bern te krijen in dielde ferantwurdlikheid is. In nommel folk hat súlke saken yn oarder. It is de morele plicht fan it folk neiteam te krijen, dus elk dy’t dat lichaamlik kin, moat de kâns krije in húshâlden te stiftsjen.


Âlden moatten dêrom goed mei harren jongerein yn petear oer dat it stiftsjen fan in húshâlding it nommelste stribjen is yn it libben. Te faak fertelle wy ús bern: “Do moatst dwaan wêr ast gelokkich fan wurdst.” En dan litte wy harren in jier backpacke, doelleas omlummelje, as in bult stúdzjeskuld op harren nimme om in wipwapstudzje te dwaan. It is wier in tragedy dat jongerein net ferteld wurd dat it grutste gelok te finen is yn it stiftsjen fan in húshâlding en dat nei te stribjen hillich is.


Dat betsjut net dat froulju perfoarst yn it húshâlden hearre, oft mannen perfoarst de kostwinner. Wa oft wurkje wol moat dat dwaan kinne. Mar wy moatte as folk soargje dat we wer fan ien ynkommen bestean kinne. Dan kin in húshâlding sels de kar meitsje hoecht it ynkommen fergearret. It is wol wichtich te beklamje dat de froulju de wachters binne fan de wiisheid fan it folk. De skiednis leart ús dat it it bêste is dat de froulju de bern yn de húshâlding grut bringe en dat de manlju it ynkommen fergearje. Der is lykwols gjin wet yn de skepping dy’t dit foarskriuwd, en moat dus oan de húshâlding sels oerlitten wurde.


Foardat der dus ek mar neitocht wurde kin oan woldiedigens nei oare folken ta, moat earst foarsjoen wurde yn hûs, hiem en ynkommen foar alle húshâldings fan ús eigen folk. De hiele Fryske mienskip sil der op ynrjochte wurde moatte dat húshâldings stipe wurde yn it grutbringe fan de neie generaasje fan ús folk. Dit is it wichtichste doel. In hillich doel. Sy binne de wyn yn ús silen, de griene blêden oan ús beam. 

.