Skaai- paad nei werberte fan it Fryske folk
 

Etnosintrisme

Etnosintrisme
Etnosintrisme lit sich definieare as it besjen fan de wrâld troch de lins fan de kultuer en tradysjes wêr oft jo ta jearre.. It is it tinken dat minsken fan ien kultuer altyd oardiele oer oare kultueren troch de bril fan noarmen en waarden dy oft sy sels hawwe. Kultuer krijt dêrmei in soarte fan frijbrief foar ymmorele saken, om't der gjin ôfkear wêze kin fan waarden dy’t min binnen foar minsken. Jo kinne, bygelyks, net stelle dat it ophingje fan homo’s min is, om't it no ien kear de kultuer is fan dy minsken. Ek besnijenis oft bernehouliken kinne net feroardiele wurde. Ik wol dan ek foarstelle om de definysje fan etnocentrisme in bytsje oan te passen, en ik tink dat ik dêrmei net foarby gean oan de djippe betsjuttings fan it wurd.


Etnosintrisme is foar Skaai foaral de fokus hawwe op de Fryske kultuer en folk, en it wolwêzen dêrfan. De West-Europeaanske folken binne blanke folken en dizze folken hawwe dit lân opboud en der foar striden, blieden en stoarn. Etnosintrisme is akseptearjen dat it behâlden fan de blanke demografyske gearstalling tige wichtich is, wol de Fryske kultuer bestean bleauwen. It is in oriïntaasje rjochting it belang fan de dominante kultuer. It is it doel fan Skaai om Fryslân wer djip Frysk te meitsjen. Dit beklammet in protte saken, mar ien fan de wichtichste is dat wy in grutsk wêzen op ús taal werombringe, en seker in strikt wêzen yn it sprekken dêrfan. Op skoallen, bygelyks, moat Frysk de sprektaal wêze mei Hollânsk as twadde taal. Hollânsk sprekke leare de bern echt wol, troch telefyzje en internet.


Etnosintrisme is ek identiteit en woartels hawwe. It is in kollektyf bewustwêzen fan it belang fan it eigen folk en dat elk stribje moat yn syn dwaan en litten sa goed as mooglik it belang fan it folk mei te nimmen. Dit hâld ek yn dat as jo wat nedich hawwe, yn termen fan materiële saken, dat jo foarearst besykje dit yn de regio te krijen. It is in omtinken oan de ûndernimmers, ambachtsminsken en produsinten dy ta it folk hearre. In nommel folk ferleget him net troch weardeleaze, goedkeape troep te ymportearjen dat troch heal-slaven makke is. Sa ferleget in folk har ek net troch goedkeape arbeidsmigranten te ymportearjen om it minne wurk te dwaan. As der min wurk te dwaan is, moat der in oplossing foar komme. Of masines foar meitsje, dit wurk by toerbeurt útfiere, tsjok betelje, of hielendal ôfskaffe. It is beneden in moreel folk minsken tsjin in bytsje jild oan min wurk te setten.


Etnosintrisme is ek selsbestjoer op basis fan de kultuer en tradysjes fan it folk. It kin nimmen sa wêze dat in amtlik apparaat oer ús beslisse kin, tsjin ús belang yn. Tink hjirby oan wynmûnen en sinneparken. Dizze wurde hjir delkwakt om't der hjir noch rûmte is. Dit is belied dat makke is tsjin it belang fan it Fryske folk yn. Dit is simpelwei in kwea. It bringt jo yn de tastân dat jo freegje moatte om te libjen sa as dat it folk past. In folk heart te libjen sa as it it folk past en hoecht dêr gjin tastimming foar. Dit betsjut net dat Skaai stiet foar anargy as wenoarde. Skaai stribbet just nei een harmonieuze oarder tusken wet en folk. De oarder moat it folk tsjinje en tagelyk de moraliteit fan it kollektyf beweitsje. It heechste doel hjirby is dat troch in djip besef fan it eigen folk, it wurkje oan in eigen wiisheidstradysje en mienskiplik ûndersyk nei it metafysyske, der in spirituele groei barre kin dy’t it hiele folk nei neie hichten bringt.


Etnosintrisme is ek iepen en earlik wêze oer dat de foarkar der is dat bern fan it Fryske folk, safolle as mooglik mei oare Fryske bern trouwe. Leafde lit har net stjoere en ferbiede om mei minsken fan bûten it folk te trouwen is healwiis, dochs moat it normaal wêze om it hjir oer te hawwen. Dat wy beneame meie dat it yn it belang fan it folk is dat der mear Fryske berntsjes komme om de kultuer wer troch te setten. It docht ek bliken yn de wrâld, dat dêr wer oft de befolking homogeen is en genôch gemiddeld IQ, der ek stabiliteit en in gefoel fan solidariteit is. In lân as Japan is ferskriklik fel op it behâlden fan de eigen kultuer, om't sy witte dat as der in protte flechtlingen as arbeidsmigranten komme soene, Japan hiel hurd feroarje soe yn earne net-Japans. Net dat Japan frij fan krityk is, mar de misdied is leech, arbeidspartisipaasje is heech en de minsken hawwe in protte tradysjes en gebrûken dy't al hiel âld binne. It simpele gegeven is dat der yn de skiednis gjin lannen west hawwe wer oft meardere kultueren suksesfol neist mekoar bestien hawwe. Diversiteit hat immen foar ynterne striid soarge, net foar krêft.


Etnosintrisme is foaral ek in earlik tajaan dat ras djipper giet dat hûdskleur. It is allinnich om ’t nei de twadde wrâldoarloch rassenûndersyk in taboe wurden is, dat der no gjin of nauwliks ûndersyk dien wurdt. Dochs is der in oansjenlik lichem fan wittenskiplike data en kunde oer ras, fan foar dy perioade. Der wurdt noch wol ûndersyk dien, mar dat is mar in bytsje om't der gjin jild foar beskikber is. Dochs kin elk neigean dat as archeologen skeletten opdolle út de ierde, in forinsysk ûndersiker sjen kin fan wat geslacht en ras it is. Ek yn de farmaseutyske yndustry dogge se ûndersyk nei bepaalde sykten dy't allinnich bepaalde etnisiteiten treffe. Ek definsje ûndersyk wurd dien om út te finen hoecht der in wapen makke wurde kin dy’t spesifike rassen ombringt. Rassen binne dus ferskillend, en net allinnich fan kleur. Foarkar fan muzyk, fan polityk, fan iten, ensafuorthinne, binne allegear saken wêryn oft de rassen ferskille. Skaai erkent dit, sûnder te stellen dat der ien ras better is as de oar. It erkennen fan ras in dermei ek suver ynstrumenteel, om't it net mear is as in stik ark yn de arkbak fan ús folk om wer sterk te wurden. It helpt ús in neie mienskip op te bouwen foar it Fryske folk wêrby in besef dat dat in blank folk is, immen as fûnemint tsjinnet foar it foarmjen fan belied en oarder.