Yn de natuerlike oarder dy’t út de Skepping floeit, nimt de famylje it plak tusken minsk en folk yn. En yn de term famylje kinne wy de húshâlding lykas de fierdere famylje fetsje. De minsk hat Tyr om foar syn famylje te soargjen. Om foar ynkommen, hûs, hiem en iten te soargjen. Hy hat ek Tyr om sa goed as hy kin, in goed en feilich thús te meitsjen sadat syn neiteam waakst ta krêftige en stabile minsken dy't it folk trochsette.
In famylje krijt har krêft út de leafde foar inoar en foar it betrouwen op inoar yn tiden fan tsjinslach en sykte. De famylje is de primêre omjouwing wêr oft ús neiteam de kearn fan de kultuer meikriget. De bern hearre de ferhalen fan alearen fan pake en beppe, sjonge de ferskes en leare te taal mei heit en mem. De famylje foarmet de earste woartels dy't in bern oan ús kultuer en dizze wrâld bine. De famylje is as in haven foar in skip as it op see stoarmet. In plak wêr alles fertroud is en wêr oft der in plak te fine is om leaf en lijen te dielen.
De famylje is ek it plak wer oft bern de keunst ôfsjen kinne fan hoecht in man en in frou yn in leafdefolle relaasje mei inoar omgeane. Hoecht in man oft in frou harren opstelle en harren taken foldocht. En dat in man en in frou nimmen yn lilkens in hân oan inoar lizze oft inoar ôffalle wer oft de bern by binne. Húslik geweld, yn wat foar foarm dan ek, is net in probleem fan ien húshâlding. As de bern mankeare opgroeie dan docht dat ôfbreuk oan it hiele folk.