Skaai- paad nei werberte fan it Fryske folk
 

It Folk



It folk is datjinge wat ûntstiet út de gearwurking fan alle famyljes dy't dêr tahearre en tegearre in erfmienskip foarmje. It holistysk prinsipe stelt dat in folk skaaimerken hat dy't famyljes net hawwe. In famylje is net in steat harren militêr te ferdigenje, dat kin allinnich in folk. In famylje kin net soargje foar genôch minsken om mei inoar bern te krije, frij fan yntylt. Ek dêr hat ik folk skaaimerken dy't de famylje net hat. In famylje allinnich kin harrensels mar krekt bedrippe yn termen fan de basisbehoeften. Om in hannelsomjouwing en oerdiedigens fan produksje te foarmjen, binne der meardere famyljes nedich.


De hjoeddeistige minsk is spitich genôch te faak fan miening dat de Skepping om him draait, dat hy, de inkele minske, in wichtich ûnderdiel fan it gehiel is. De minske, as yndividu, heart net op it plak wer oft hy himsels delsetten hat. Mei it ta de doar wizen fan God as plafond foar de idelheid fan de minske, kin it minsklik ego wer ta ûnfetbere hichten op rize. Wol de inkele minske wer op it plak stean dat by him past, dan moat hy aksepteare dat de Skepping boppe him stiet, hy is ommers in bern fan dy Skepping, en de natuerlike oarder is dat in bern net boppe syn âlders stiet. 

De minske hat ek Tyr nei it folk ta, bygelyks it sa goed as mooglik krije fan neiteam. It folk kin allinnich mar trochgean as der genôch minsken binne dy’t mei-inoar in húshâlding begjinne kinne. Dêr is dus Tyr fan it yndividu nei it folk ta. It is dus dúdlik dat foardat de minske oan syn eigen belang tinke kin, hy earst ek it belang fan it folk in acht nimme moat, yn dy sin dat hy frij is mar gjin dingen dwaan kin dy't skea tabringe oan it folk.


In folk is in samling minsken mei in dielde taal, kultuer en etnisiteit. It folk is de hâlder fan de kultuer. It binne de minsken dy't yn it heden de hoeders binne fan de gebrûken, ferhalen, tradysjes, en wiisheid, en dit aktyf oerjouwe oan harren bern. Elk moat soargje dat hy gjin ôfbrek docht oan dy kultuer, en dat betsjut dus dat ek dêryn in minske Tyr hat nei it folk ta om de kultuer krêftig te hâlden, en dat hy fjochtet tsjin ideeën en saken dy’t tsjin de Skepping yngean.  

It is oan in folk te soargje dat elkenien stipe fine kin en immen rekkenje kin op help by swierigeren. Hy dy’t it folk benei komt om oan te jaan dat hy fêstrint, fertsjinnet priis en eare, en mei in gjin inkel gefal moete wurde mei spot oft synisme. De moedwilligers om dyjingen by te stean dy't yn swierigeren sitte, giet fierder as de persoanlike relaasje. Oft jo dy oare net leie meie is ûnderhearrich oan it gruttere belang. Dyjingen dy't freegje om help binne yn eare en moatte dêrom respekteare wurde. Allinnich dyjingen dy't immen gjin bydrage leverje wolle oan it folk en de mienskip, moatte úteinlik ferstjitten wurde.