Skaai- paad nei werberte fan it Fryske folk
 

Ras

Yn it hjoeddeistige tiidrek is de wittenskip der fan oertsjûge dat genen datjinge binne dy't de “blauwdruk” foarmje foar it libben. Dat al dat libbet syn foarm en funksjonearen te tanken hat oan in bepaalde folchoarder fan de letters a, c, g en t. Dochs binne der ek wittenskippers dy’t stelle dat genen inkeld de produksje fan proteïne reguleare, en mei de foarm fan it skepsel neat fan dwaan hawwe. Lykas safolle fan de fantastyske wittenskiplike teoryen, is ek de teory dat wy oerlevere binne oan ús genen, noch immen net mear as in teory. Genen kinne nimmen de komplekse ynformaasje befette dy’t nedich is foar it foarm jaan oan in kompleet libjend skepsel (skepsel yn syn hiele stal).


Sadra de aaisel befruchte is, begjinne de sellen harren te diele. En fuort bart der eat wûnderliks. De sellen meitsje fan harrensels presys dy sellen dy oft der yn dat spesifike diel fan it lichem nedich binne. Der binne sellen dy’t bonke, spier, hert, longen, eagen, etc., wurde. De ûnfetbere kompleksiteit dy’t der yn de formaasje fan in lichem, fan ôf it alderearste begjin oanwêzich is, falt net ta te dichtsjen oan in statyske genetyske koade. In lichem hat biljoenen sellen, dy’t deselde boarne hawwe. Dat is de algemien aksepteare teory. Dochs kin in statyske genetyske koade net ferkleare hoecht in stamsel dy’t, nei mitose, in fetsel, in leversel, as in hertsel fuortbringt. Stamsellen hawwe deselde, saneamde, identike genetyske ynformaasje. Docht is der eat ferantwurdlik foar it ferskate foarkommen fan sellen. Der is een frij moderne teory dy’t stelt dat der fjilden binne (morphic fields) wer’t op in metafysysk nivo it lichem foarm jûn wurdt. In soarte fan energetysk fjild mei alle ynformaasje dy’t nedich is om in lichem te meitsjen en oant de dea te ûnderhâlden. 

Tink bygelyks ek oan refleksive bewegings dy’t in lichem makket, bygelyks slikke as sykhelje. Dit binne saken dy’t jo net hoege te learen en dy’t it lichem autonoom útfiert. Ek hjir kin in statyske genetyske koade net ferkleare hoecht it lichem wit hoe oft it sokke bewegings dwaan moat. Dit binne saken dy’t, nei alle gedachten, yn sa'n fjild te fine binne. Sa'n fjild kin ek omskreaun wurde as in enerzjy organisearjend fjild. It stjoerd de enerzjy der wer oft it wêze moat. De dea kin dan omskreaun wurde as it loskeppelje fan dat fjild, it lichem rekket yn ferfal om’t der gjin organisearjend fermogen mear is. Alle refleksive bewegings stoppe en alles falt út. Mar datjinge dat dy oarder yn it lichem bewurkmastere bliuwt bestean yn it metafysyske.

Wêrom is dit no wichtich foar in paragraaf oer ras? Om’t elk folk of ras ek in fjild hat wêr oft harren foarâlden yn libbe hawwe. It befettet de dreamen, it sprekken, de emoasjes, en wiisheid fan ús foarâlden. Ek al lústerje wy dêr net mear goed nei, der is in echo dy’t yn dat fjild klinkt. Tûzenen jierren hawwe de folken fan inoar isoleare libben en hawwe sy ferskate groepsstrategiën en tinkwizen foarme. It fjild is dus ek tûzenen jierren folt mei de skaaimerken en hâlden fan it blanke folk. It is foar Skaai tige wichtich dat we dat fjild wer folle mei it kollektive omtinken fan ús folk. Mei in besef dat wy allegear ús libben krige hawwe trochdat ús foarâlden ús folk trochset hawwe.


Yn de diskusje oer ras hawwe wy it net spesifyk oer Friezen. De diskusje giet oer de West-Europeanen. It idee fan in genetysk suvere Frysk is eat dat net te ûnderbouwe is. It blanke aspekt fan ús folk is in bepaalde gradaasje fan kleur. Dochs is it helder dat de West-Europeanen in blank folk foarmje. In Fryske stabij is soms wat ljochter, soms mei krolhier en soms sels brúnbond yn plak fan swartbont, mar it is dochs werkenber as in stabij. In herdershoun is noch immen in herder as syn earen wat hingje, en in albino hazze noch immen in hazze. It feit dat der minsken binne dy’t mear tusken blank en brún ynsitte, docht neat ôf oan it feit dat der in ûnmiskenber blank folk is dat de mearderheid fan de befolking foarmet fan West-Europa. It is dat folk dat Europa mei joun hat wer oft wy no de fruchten fan plôkje. Wy sile noch immen op de wyn fan ús foarâlden.


It is it blanke folk dat har wêzen iuwen lang ferbûn hat mei de grûn en har bloed fergetten om it te behâlden. It hat tsjin de natuer wraksele om in territoarium út de see te bewurkmasterje. It hat hearskers kommen en gean sjoen. It hat it feodalisme iuwen bûten de grinzen hâlden. In folk mei sa'n oanstriid ta frijdom, dat it "leaver dea as Slaef" is. Mar it binne net allinnich de terpen, greiden, en wâlden dy't de Friezen bine oan de Fryske boaiem, it is ek datjinge dat net benaam wurde kin dat as in reade tried troch de skiednis it Frysk bloed klinke litten hat.
It Fryske folk is in it ierdske bûn troch de kultuer, taal en skiednis. Mar der is dus eat yn it metafysyske dat as it wiere it kollektyf bewustwêzen fan de Friezen befet. In energetysk fjild dat like krêftich is as de woartels dy’t it folk hat troch de ierdske faktoaren.