Skaai- paad nei werberte fan it Fryske folk
 

Yntroduksje

Hjir is de yntroduksje sa as dy yn it noch te ferskinen boek It Skyld en de Spear skreaun is: 

Achte lêzer, foar jo leit in skriuwen skreaun mei mar ien inkeld doel foar eagen, nammentlik it op ‘e nei oanstekke fan it fjoer dat yn it  Fryske folk al iuwen lang brând hat. In fjoer dat sûnt jierren dimmet en dimmet en no sa swak en krêftleas is dat it foar immen út driget te dôvjen. Dit is in skriuwen oer in weromkear nei de Skepping en alle wetten dy ‘t dêr út floeie. It ienige paad dat wy rinne kinne as wy as folk oerlibje en bestean wolle, is in paad werom nei de Skepping. Dit binne gjin neie ideeën, mar de skriuwer hat besocht tûzenen jierren âlde filosofyske ideeën yn in foarm te fetsjen dy ‘t past by de tiid wêryn wy no libje, en hooplik yn jo hert ek wer in fjoer oanstekke kin.

" Tradysje is net it oanbidden fan jiske, mar it bewarjen fan fjoer. "
Gustav Mahler