Oerjefte is eat dat yn de natuer net foarkomt. In gazelle sil drave oan’t syn longen hast barste en nimmen samar stil stean bliuwe om sich oer te jaan oan it luipaard. De gazelle ûntkomt it luipaard of hy wurdt ferslein troch it luipaard. Sa is it mei alle libben yn de natuer. It is in wet fan de natuer dat alles wrakselje moat, oant de dea ta. It is of wrakseljen of ferslein wurde.
De minsk hat it fermogen om strategy te foarmjen en in plan te meitsjen. Guon minsken sille dan, as it wrakseljen te dreech wurdt, harren oerjaan oan it sterkere en hoopje mei hantsjeklap der goed út te springen. De minsk hat dit fermogen, mar it hanneljen neffens dit fermogen is folslein tsjinnatuerlik. It is fanwegen dit oanberne ynstinkt dat minsken, al foar tûzenen jierren, oerjefte as lefheid beskôgje.
It is ek om datselde ynstinkt dat dyjingen dy’t lef west hawwe, faker al as net, mei in enoarm gefoel fan skamte libje. Sy witte dat sy eat ûnnatuerliks dien hawwe. Jo kinne sels stelle dat dyjingen dy’t harren oerjouwe, harrensels bûten de natuer sette en harren ferneatiging al akseptearre hawwe. Sy libje yn liende tiid dy’t sûnder wrakseljen ferkrige is. Tiid dy’t net wurdich is om te libjen, om’t it yn skamte útsitten wurdt.
Oerjefte is ymmoreel, it is in kwea. It is tsjin de wet fan de wrakseling en dêrmei in skeining fan de absolute noarm fan de natuer dat alles wrakselje moat. Dat wat net wrakselt, wurdt ferneatige. It knibbeljen foar it regear dat ús as folk de oarloch ferkleare hat, is folslein ymmoreel. In folk moat, neffens de natuer, harrensels oant de dea tsjin alles fersette dat it ferneatigje wol. In folk dat al ekskusearjend harren territoarium ôfstiet is in folk dat op de ferachting fan de natuer rekkenje kin. It sil ûndergean yn it túmult fan de tiid en fergetten wurde.
Skaai stiet dus foar in absolute ôfkear fan alles dat ús as folk beheind om ús takomst op te easkjen. Oerjefte beheard net oant de mooglikheden. In libben dat behâlden is nei oerjefte kin allinnich in spirituele dea bringe. Men is dan as in zombie, in wankeljend liif sûnder siel, want dy is stoarn by de oerjefte.
Ferset tsjin alles dat ús knechtsje wol is Tyr foar ús hiele folk. It is in hillige opjefte om in takomst foar ús takomstige generaasjes op te easkjen. In wier folk freget hjir net om, dat easket. En dat begiet mei iepenlik út te kommen foar de belangen fan ús folk, dat wy iepenlik sprekke oer dat Europa it thúslân is fan de blanke Europeanen, en dat de Friezen in wichtich ûnderdiel binne fan de skiednis en takomst fan dat blanke Europese folk. It is in mislike skande dat wy net grutsk wêze meie op ús ôfkomst. It is heech tiid dat wy ús territoarium wer opeaskje, net allinnich qua grûn, mar ek kwa romte yn it iepenlik debat.
It knibbeljen foar koarrektheid moat oer wêze, want foar ús folk is it korrekt dat wy opkomme foar ús eigen belang. Net in sintimeter moatte wy tajaan oan besykjen om ús de bernlike stigma’s op te plakken. It binne lege termen wurden dy’t as maitsen op in kadaver binne. Wat folk lit him lyts meitsje troch wurden? Wrakselje, wrakselje, der is gjin oare manier. Der is gjin oare wei. Of wy easkje ús takomst op oft wy stjerre as in hûn dy’t ôf spuite wurdt