Filosofy lit sich opdiele in mannich sub-kategoriën. Ien dêrfan is de Epistemology. Dit is de filosofy fan kennis. Dizze filosofy bestudearret de aard fan kennis, en hoecht wy kennis ta ús nimme. De measte minsken libje harren libben yn de ferûnderstelling dat dat wat sy witte in direkte ôfspegeling is fan de taastbere wrâld om harren hinne. Mar dit is in falske ferûnderstelling.
As wy saken oanskôgje yn de wrâld dan nimme wy eat yn ús op dat net de wrâld is. As wy in beam sjogge dan komt der eat yn ús geast wat net dy presize beam is dy't wy oanskôgje. Dy past natuerlik nimmen yn ús kop en dan soe ús ferstân wol slim gau fol reitsje. Der is dus eat wat yn ús geast komt dat wy kategorisearje as in beam en dus net it ding yn sich sels is. Wy kinne de beam waarnimme en der wurdt eat oanmakke yn de geast dat symboalysk is foar de beam. Dit wurdt ek wol de essinsje neamt. It essinsjele, it ""beamwêzen" komt yn ús geast.
De minsk kin suvere waarnimmings net begripe sûnder it yntellekt. It symboal wurdt dus ek noch troch it ferstân ynterpretearre. It ferstân kin dan de essinsje fan de beam fergelykje mei oare yndrukken dy't wy hân hawwe fan beammen. Wy werkenne dus ferskate beammen om't der in essinsje is dy't alle beammen diele, dy't net yn wurden út te drukken is en dochs kinne wy mei it ferstân en de sintugen it "beamwêzen" fan in beam skiede. Wy kinne ek yn in beam dy't wy noch nimmen sjoen hawwe, de essinsje fetsje en begripe dat wy te krijen ha mei in beam.
De wrâld iepenbieret him dus troch de foarm fan symboalen. Wy foarmje dêrmei in byld fan de wrâld dat dus basearre is op in suver symboalysk fûnemint. Wy nimme allinnich de essinsje fan de wrâld yn ús op. Dit hâld net yn dat de wrâld net wier is en dat elkenien der fan meitsje kin wat hy wol, derfoar is de essinsje dy't alle ferskate minsken út de wrâld helje te ienfoarmich. Wy nimme net de beam yn de wrâld yn ús op, mar de essinsje fan de beam sa as dy op ús oerkomt is yn grutte linen unifoarm. De wrâld is wier mar de wrâld sa as dy yn ús holle sit is symboalysk.
Dit is tige wichtich om't wy mei inoar sprekke oer de wrâld sa as dy is as of wy har kinne. Wy miene dat de wrâld yn ús holle sit. De minske dy't ûnwittend is oer de symboalyske natuer fan de wrâld, mjit himsels te faaks in te heech begryp fan de wrâld oan. Stipe troch it idee dat men de wrâld sa as dy is ek wierlik kin, rekket men oertsjûge fan harren eigen gelyk.