Skaai- paad nei werberte fan it Fryske folk
 

Tyr

 

Tyr
As wy it hawwe oer de natuerlike oarder dan hawwe wy it ek oer plichten dy't derút fuortkomme. Plicht is in wurd wer oft in berch Friezen in refleksive ôfkear fan hawwe. Hoewol plicht ek yn it Frysk in seedlik moatten ynhâld, fetsje de measte minsken plicht ûnrjochtlik op as in ferplichting ta earne, bygelyks de plicht belesting te beteljen. Skaai sprekt hjir fan in natuerlike morele plicht, en net fan in meganyske fysike plicht. De plicht bern te krijen, bygelyks, is net in plicht fan in juridyske as kontraktuele aard, it is eat wêr oft de minske in yntrinsike oanstriid ta ha sil as de mienskip de natuerlike oarder in acht nimt. Skaai hat dêrom in eigen wurd nedich dat foaral it morele aspekt fan plicht ferwurdet, om helderheid te skeppen wêr oft der in juridysk moatten as in moreel hanneljen bedoeld wurd.


Yn de âld-Germaanse kultuer wie al de god Tyr bekend, lykas yn de âld-Fryske en Noarse kultuer. Tyr wie in god dy't syn hân opoffere om it lot fan syn folk (goaden) te beskermjen tsjin de wraak fan de wolf Fenrir, neidat de goaden dizze mei magyske keatlings bûn hienen. Tyr is dêrmei in krêftich symboal foar it dwaan fan it moreel goede foar eat dat heger is as dysels, foar selsopoffering foar de natuerlike oarder. Om't Fenrir de goaden net fertroude moast Tyr de hân yn syn bek dwaan doe 't de goaden him de magyske keatling om dieden. Fenrir krige troch wat de goaden fan plan wiene en biet Tyr syn hân ôf. Tyr is hjirmei ek de hoeder fan de wet, om't hy de rjochtfeardigens hânhâlde troch bewust de ôfspraak te earen en syn hân op te jaan as priis foar it bedroch fan de goaden.


Skaai brûkt dus de namme fan de god Tyr as de ferwurding foar it suver morele aspekt fan plicht. Tyr is dêrmei dus net yn de wet te fetsjen, it is eat dat út de natuerlike oarder floeit, eat dat ta de kearn fan de Skepping giet en dêrmei ferfrissele is.


It is tige wichtich dat wy de kommende generaasjes opfiede mei in hege standert fan moreel besef en harren it ferskil tusken plicht en Tyr mei jouwe. Tyr sil krekt sa ferfrissele wurde moatte mei de mienskip as it mei de Skepping sels ferfrissele is. Dêr't it prinsipe fan Tyr it fûnemint foarmet fan de moraliteit as omskreaun troch Skaai, is in djip begryp fan dit prinsipe fan net te ferwurdzjen belang.