Skaai- paad nei werberte fan it Fryske folk
 

Skepping

Alles dat bestiet in dizze werklikheid is yn de Skepping. Mar wat beklammet de term Skepping? De weromkear nei de Skepping freget gjin akseptearjen fan in godsidee. In takomstich krêftich Frysk folk hoecht net perfoarst religieus te wêzen. Dit skriuwen is in ideologysk skriuwen. In ideology dy ‘t elkenien oansprekke kin om’t der gjin metafysyske saken “oanbidden” hoege te wurden. De ideology dy’t der in dit skriuwen útein set wurdt, is in skriuwen oer suver obserfearbare saken. Saken dy’t der alle dagen te sjen binne in it minsklik libben en in dizze werklikheid yn it gehiel. Dit skriuwen is gjin ôfwizen fan it metafysyske, dat wol sizze, it net waarnimbere. Yn de takomst sil in ferfolch komme op dit wurk wer oft it ûnstofflike behannele wurdt. Dit wurk moat in hânfet wêze foar de weromkear nei de wetten fan de natuer en dat freget yn de earste ynstânsje in suver praktyske oanpak.


De skriuwer skriuwt de Skepping mei in haadletter om’t hy de miening tabedield is dat der yn alles in stjoerende yntelliginsje is. De skriuwer wol elke lêzer útnoegje om dit skriuwen te lêzen mei it idee dat die Skepper yndied de makker is fan al dat der yn de Skepping is. Dat is, sa as sein, in fersyk en gjin twang. It doel fan de skriuwer is safolle mooglik minsken te berikken en it fjoer fan it Fryske folk wêr op laaien te dwaan. De wetten fan de natuer binne in gegeven en oft jo no, sa de skriuwer, leauwe dat der in Skepper is oft net, beide kearen is it stribjen in weromkear nei de natuer te bewurkmasterje.


Sa as al benaam, libje wy yn de Skepping en hawwe wy ús bestean oan de Skepping te tanken. Alles dat libbet en net libbet is yn de Skepping en dêrmei in manifestaasje fan it immen ûnmanifesteare. De Skepping is in idee, nammentlik it ultime idee. Alles yn de Skepping is foarearst ûntstien yn de geast fan de Skepper. Der is neat bûten de Skepping, en de Skepping bestiet folslein neffens de winsk fan de Skepper, en dat betsjut dat alles neffens fêste wetten wurket. De hiele skepping wurket sadanich neffens fêste wetten dat wy stelle kinne dat de Skepping wet is. Alle wetten fan de natuer hawwe ynfloed op ús libben en bepale foar in grut part it paad dat de minske gean moat om as soarte immen te waaksen ta neie hichten fan spiritueel wêzen.


De wetten fan de Skepping binne in fêst gegeven, mar it minskdom kin derfoar kieze om sich oan guon wetten net te hâlden. De wet fan de swiertekrêft, de wet fan Archimedes, oft de wetten fan de termodynamika binne gjin wetten dy’t wy negeare kinne. Mar it soargjen foar neiteam, de wet op de fuortplanting, wurdt spitich genôch al te faak net neilibbe. It negearen fan de wetten fan de Skepping wiist in paad dat úteinlik nei it útstjerren fan de minske, it folk en it minskdom rint.


It is omdat alles út de Skepping floeit dat wy, wolle wy bestean bliuwe as Frysk folk, een weromkear nei de Skepping bewurkmasterje moatte. En in weromkear nei de Skepping betsjut dat der in natuerlike oarder fan persoanlike loyaliteit oriïntaasje floeit út de Skepping. De Skepping moat yn ús wrâldbyld yn alles wat wy dogge en alles dat wy beprakkeseare, op it earste plak komme. Alles begjint mei de Skepping en alles sil einigje mei de Skepping. Dêrom moat der in ferearing fan de skepping werom komme, dy’t oeral yn ús folk en yn ús hanneljen as in immen wjerklinkende echo, yn ús herten en ús bloed te hearren falt.